Boargemaster Crone iepenet 'húskeamer fan De Weaze'

08 mrt 2017 - 16:40

Froulju dy't yn de prostitúsje sitte, kinne fan woansdei ôf mei har fragen terjochte by Xenia op De Weaze yn Ljouwert. Dat is in ynformaasje- en stipepunt fan it Leger des Heils, GGD Fryslân en Fier. Alle dagen kinne froulju dêr telâne foar fragen oer sûnens of foar praktyske en psychyske help.

De namme Xenia betsjut gastfrijheid yn it Gryksk. It Leger des Heils fynt it wichtich om sjen te litten dat froulju yn de prostitúsje wolkom binne en dat der in lústerjend ear foar se is. Dêrom wurdt Xenia ek wol 'de húskeamer fan De Weaze' neamd.

Xenia is al langer iepen. Earder waard it gebou brûkt foar it wyklikse sûnens-sprekoere fan de GGD. Sûnt in pear wiken is Xenia alle dagen iepen. Boargemaster Ferd Crone hat it stipepunt woansdei offisjeel iepene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)