Online-kwalifikaasje Grut Frysk Diktee los

08 mrt 2017 - 13:51

It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdei 4 april yn it provinsjehûs hâlden. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne har dit jier foar it earst online fia in webside kwalifisearje. Tusken 8 en 19 maart kin dat op www.fryskdiktee.nl.

Njonken de kandidaten dy't har fia it kwalifikaasjediktee kwalifisearje, dogge de fiif bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk ek mei oan it diktee.

Bekende Friezen

Bekende Friezen lykas skûtsjetwilling Harmen en Sytze Brouwer, trûbadoer Frerik de Swetser en parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis dogge al mei. "It fak Frysk wie op de middelbere skoalle foar my echt in wrakseling," fertelt Alyda Norbruis. "Mar ik wol útdrage dat ik altyd alle útdagingen oangean, dus doch ik graach mei oan it Grut Frysk Diktee."

Oare bekende Friezen dy't meidogge binne: skriuwster Hilda Talsma, akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, sjongeres Marit Talens en Willem de Vries en Afke Boven fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân stjoert it diktee op woansdei 5 april út. It diktee is dit jier skreaun troch aktrise, sjongeres en skriuwster Tet Rozendal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)