Alden lilk oer ferhuzing skoalbern nei oare lokaasje

Alden fan basisskoalbern yn Drachten binne lilk omdat sy har skoalgebou opjaan moatte foar asylsikersbern. De ynternasjonale skeakelklasse (ISK) foar ûnderwiis oan middelbere skoalbern út it azc, sil yn wykgebou De Barte lûke. Dat betsjut dat de bern fan de basisskoalle en it pjutteboartersplak dy't no yn dat gebou sitte, ferhúzje moatte nei in nij, semy-permanint gebou. Teunis Wagenaar fan de oerkoepeljende ûnderwiisorganisaasje yn Smellingerlân fynt de kommoasje dy't ûntstien is, spitich.
In soad wykbewenners binne no benaud foar oerlêst, mar dêr is neffens Teunis Wagenaar gjin sprake fan.