De Nije Kompanjons yn swier waar mei provinsje

08 mrt 2017 - 12:57

De frijwilligers fan De Nije Kompanjons driigje op te hâlden mei de promoasje fan de Turfrûte. Dêrmei rint ek de farrûte troch Súdeast-Fryslân en Drinte gefaar. De Kompanjons meie fan de provinsje gjin jild mear freegje oan de boatsjeminsken dy't de rûte farre wolle en rint dêrtroch tûzenen euro's mis. Se hawwe dat jild nedich om promoasje te meitsjen. Dy promoasje is nedich om't der te min boatsjes gebrûk meitsje fan de rûte. Dat binne der no jierliks 1500, mar soene der eins 2500 wêze moatte om de rûte rendabel te krijen.

De Kompanjons hawwe no finansjele stipe frege oan de gemeente Eaststellingwerf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)