Undersyk foarseit: "Earste ljipaai komt tongersdeitemoarn"

08 mrt 2017 - 12:44

Meiwurkers fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga fan Feanwâlden hawwe berekkene wannear't it earste ljipaai lein wurdt. Neffens har is dat tongersdeitemoarn tusken 11.00 en 12.00 oere. De opdracht foar it ûndersyk kaam fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Wêr't dat aai komt, kinne de ûndersikers net sizze. De foarsizzing jildt foar hiel Fryslân. Der is in berekkening makke oan 'e hân fan de data dêr't it earste ljipaai op fûn waard en de temperatuergegevens.

It stiet yn in rapport dêr't sjoen is nei de gefolgen fan it hieltyd earder lizzen fan aaien troch ljippen. Yn kombinaasje mei it boerewurk op it lân kin dat problemen opsmite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)