Beswieren ôfwiisd, Langwar kin bouwe

08 mrt 2017 - 12:26

De bou fan in appartemintekompleks mei ynstekhaven yn Langwar kin úteinsette. De beswiermakkers tsjin dit plan hawwe by de Ried fan Steat gjin gehoar fûn. In protte ynwenners fan Langwar, feriene yn de stichting 'Hart voor Langweer" fine dat it plan te grutskalich is foar it doarp en binne bang foar parkearproblemen. Ek hawwe se beswier tsjin de bou fan in restaurant by it kompleks. Der wurdt al jierren praat oer de bou fan 'Residentie de Wielen' oan de âld haven fan Langwar.

It plan is al in pear kear oanpast om oan de beswieren fan de doarpsbewenners yn 'e mjitte te kommen.

Trefwurden: 
Langwar
(Advertinsje)
(Advertinsje)