Jonge yn Drachten oanriden

© Omrop Fryslân
In 13-jierrige jonge út Drachten is moandei by in ûngelok yn syn wenplak slim ferwûne rekke. De jonge stuts de Suderhegewei oer. Dêr stie op de iene baan in file, mar op de oare baan ried it ferkear wol. De jonge hie dat net sjoen en stuts dêr ek oer. Hy waard oanriden troch in bestelauto. Trochdat er mei syn rêchsek oan de auto hingjen bleau, waard er in stik meisleept. Hy is mei ferwûnings oan de holle en skonken nei it sikehûs brocht.