Fearboat Skier fêst op sânbank
Fearboat De Monnik nei Skiermûntseach hat tiisdei koarte tiid fêstsitten op in sânbank. Dêr wie er tsjinoan blaasd troch de hurde wyn. Rêdingsboaten fan Lauwerseach en Skiermûntseach hawwe de boat wer fan de sânplaat lutsen. Dy koe dêrnei trochfarre nei it eilân. Neffens de Kustwacht wiene der sa'n 100 oant 150 passazjiers oan board.