Studinten: "Hege stúdzjeskuld kin en moat oanpakt wurde"

08 mrt 2017 - 11:54

Studinten fan de Fryske hegeskoallen NHL en Stenden fine dat 17,9 miljard euro stúdzjeskuld in soad is. Se tinke dat de skuld benammen sa heech is om't studinten net troch hawwe dat se it allegearre werombetelje moatte. Dêrom komme se mei de suggestje foar bettere foarljochting oer jild liene. Dêrneist tinke se dat it bedrach dat se liene wolle ek wol omleech kin.

De totale stúdzjeskuld fan alle studinten en âld-studinten yn Nederlân is 17,9 miljard euro. Dat hat it Interstedelijk Studenten Overleg (ISO) bekend makke. It ISO komt woansdei mei de Nasjonale Stúdzjeskuldmeter, wêryn't te sjen is dat de miljardeskuld oprint. Dat de skuld oprint is gjin ferrassing foar DUO (de útfieringsynstânsje fan de Ryksoerheid foar it ûnderwiis), mar dat it bedrach sa heech is hie de oerheidsynstânsje net ferwachte.

De studinte-organisaasje ISO komt mei in pear suggestjes om de stúdzjeskuld werom te bringen. De earste is om it kolleezjejild net mear omheech gean te litten. In twadde suggestje is om mear omtinken te hawwen foar it kiezen fan in goede stúdzje. Studinten dy't wikselje fan stúdzje kostje de oerheid in soad.

Trefwurden: 
stúdzjeskuld NHL Stenden
(Advertinsje)
(Advertinsje)