Kaj Lucca Gerbrandy fertsjintwurdiget Fryslân yn bernesjuery

08 mrt 2017 - 11:05
Dolf Verroen

Kaj Lucca Gerbrandy (8 jier) fan It Hearrenfean sil Fryslân fertsjintwurdigje yn de Nederlandse Kinderjury. Hy sit yn groep 5 op CBS de Burcht op It Hearrenfean. Berneboekeskriuwer Dolf Verroen ferraste him woansdei yn de klasse. Hûnderten bern tusken de seis en tolve jier hienen sollisitearre foar in plak yn de 'Senaat'. Dy senaat bestiet út tolve bern, ien út elke provinsje.

Kaj fynt it hiel leuk dat er útkeazen is. "Ik hou heel erg van lezen en lees elke dag voor het slapengaan. Mijn lievelingsserie is Dummie de Mummie."

"Ik hou van fantasie. Soms zit ik zo in het verhaal dat ik helemaal niet meer hoor wat er om me heen gebeurt." Kaj giet alle trije wiken nei de biblioteek en lient dan it maksimaal tal boeken en nei de lienperioade hat er dy allegear út. Foar de Senaat sil er 'Borealis' fan Marloes Morshuis lêze. "Dan ga ik goed nadenken wat ik leuk aan het boek vind en wat niet en dan schrijf ik dat op. Lezen is leuk en dat wil ik aan kinderen vertellen zodat ze meer gaan lezen."

Stimme

De senaat fiert kampanje sadat bern yn hiel Nederlân op har favorite boek stimme. De leden lêze boppedat nei de stimperioade de fiif boeken dêr't it meast op stimd is en se skriuwe in sjueryrapport. Fan no ôf kinne bern oant en mei 19 april stimme op har favorite boek fan it ôfrûne jier. Op 11 juny wurde de winners bekend makke by de Kinderboekenparade yn Den Haag.

Op de list mei berneboeken stiet ek 'De ring van koning Salomo' fan de Fryske skriuwster Lida Dijkstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)