Hurd- en drankrider oppakt

© ANP
In 29-jierrige Ljouwerter moast tiisdeitejûn syn rydbewiis ynleverje. Leden fan it ferkearsteam fan de plysje seagen de man op de A31 by Skalsum mei mear as 200 kilometer foarbykommen. De maksimumsnelheid is 130 kilometer.
Yn Ljouwert hat de plysje fannacht in 26-jierrige drankrydster oanhâlden. De frou waard op de Oldegalileën yn har wenplak oan de kant set. Ut in blaastest die bliken dat de frou mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Se moat ynkoarten foar de plysjerjochter ferskine.