Ljouwerter fan sjitynsidint Fennenplein yn Seelân oppakt

It Fennenplein yn Ljouwert © Robert Jan Boonstra
In 22-jierrige Ljouwerter dy't sûnt ein jannewaris socht waard fanwege in sjitynsidint is yn Middelburg oanholden. De man krige op 31 jannewaris rûzje op it Fennenplein en soe derby ien kear sketten ha. Der rekke net ien ferwûne. De man naaide út. De plysje die noch in ynfal yn in wenning yn de stêd wêrfan tocht waard dat de man dêr wenne, mar hy waard net fûn.
Sûnt dy tiid wie de man op de flecht foar de plysje. Yn de rin fan it ûndersyk waard dúdlik dat de man yn Seelân sitte soe. Hy koe dêr tiisdei nei in efterfolging oanhâlden wurde.
Hjoed wurdt er oerbrocht nei Ljouwert.