Broekens en De Blaauw prate oer oername trekkerferkeap

08 mrt 2017 - 10:31

Meganisaasjebedriuw Broekens fan Stiens nimt mooglik de trekkerferkeap oer fan kollega meganisaasjebedriuw De Blaauw. Beide partijen binne dêroer yn petear. De petearen kamen op gong doe't De Blaauw in pear wiken lyn de fêstiging yn Himmelum sleat. Dy aktiviteiten wurde no yn Snits útfierd. Dat hat trije banen koste. Wat ien en oar foar de fêstiging yn Snits fan De Blaauw betsjutte sil, is noch net dúdlik, seit direkteur Johannes de Blaauw. Syn meganisaasjebedriuw bliuwt yn alle gefallen mei in fêstiging op It Hearrenfean bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)