Fragen oer skea nei wurksumheden Europaplein

08 mrt 2017 - 10:05
It Europaplein yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Omwenners fan it Europaplein yn Ljouwert hawwe neffens de VVD-fraksje skea oan de wenningen oprûn troch de wurksumheden oan it plein. Troch it heien ûntstiene trillingen en dy soene foar skuorren yn de huzen oan de Bilderdykstrjitte soarge ha. De VVD hat fragen oan de gemeente steld. De fraksje wol ûnder oare witte as der wol in foaropname fan de gebouwen makke is en as der al oerlis is mei de bewenners oer de ôfhanneling fan de skea.

De gemeente is op de hichte fan de swierrichheden en seit dat der serieus nei sjoen wurdt.

Trefwurden: 
Europaplein Ljouwert skea VVD
(Advertinsje)
(Advertinsje)