Minister: Soarch yn Fryslân is better as yn de Rânestêd

07 mrt 2017 - 22:57

De stap fan thússoarch nei in soarchsintrum ferrint faak lestich foar âlderen. It is ien fan de punten dêr't yn soarchsintrum de Ielânen yn Snits tiisdei oer praat is mei minister Edith Schippers. Sy wie dêr op wurkbesite. De ôfspraak mei Schippers stie yn it ramt fan âldereinsoarch en de berikberens dêrfan op it plattelân.

Sels is minister Schippers goed te sprekken oer de soarch yn de Fryske doarpen. Se fynt de soarch yn de plattelânsdoarpen sels better as yn it Westen fan it lân.

"In de Randstad is men niet geneigd om hulp bij elkaar te zoeken. En in landelijke gebieden is men van oudsher meer gewend om met elkaar samen te werken en om dingen overeind te houden", sa sei minister Schippers by har besite oan de Ielannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)