Magazine Grou tenei ek yn it Sineesk

07 mrt 2017 - 21:16
Boargemaster Crone krige it earste eksimplaar fan de Sineeske ferzje fan it Magazine Grou - Foto: Magazine Grou

It toeristyske blêd Magazine Grou wurdt dit jier foar it earst ek yn it Sineesk oanbean. Grou wurdt hieltyd bekender by bûtenlânske toeristen. Sa stie it doarp ferline jier oktober noch yn de Amerikaanske krante The Washington Post. De krante skreau doe oer de pontsjerûte De 8 fan Grou.

Mar ek Sineeske toeristen kinne it wettersportdoarp hieltyd better fine. De redaksje fan it toeristyske magazine fûn it dêrom heech tiid wurden om njonken in Ingelske, Dútske en Frânske edysje ek in Magazine Grou yn it Sineesk te meitsjen.

Magazine Grou 2017 is alwer de 15e edysje fan it blêd. It wurdt folslein makke troch frijwilligers út it doarp. Troch sponsoring kin it beskikber makke wurde foar in grutte publyk. Fan woansdei ôf is it tiidskrift yn it doarp te krijen of te downloaden fia www.grouaktief.nl.

Trefwurden: 
Magazine Grou Sineesk
(Advertinsje)
(Advertinsje)