IM wol Oerterper mei lang strafblêd yn klinyk hawwe

07 mrt 2017 - 21:08
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 31-jierrige man út Oerterp dy't in lang strafblêd hat, moat - as it oan de offisier fan justysje leit - twa jier lang yn in klinyk foar stelselmjittige dieders. It strafblêd fan de fertochte telt 26 siden. En hy liket neat te learen fan syn straffen, seit de offisier.

De man soe op 29 maaie ferline jier op in bedriuweterrein op 'e Jouwer twa akku's stellen hawwe. In pear dagen letter soe er op De Gordyk in 30 meter lang kabel foar frachtweinen meinaam hawwe. De fertochte ûntstriidt de stellerijen.

"Praatsjemakker"

Neffens it Iepenbier Ministearje (IM) is de man lykwols in "praatsjemakker earste klas". De rjochtbank docht op 21 maart útspraak.

Trefwurden: 
rjochtsaak Oerterp
(Advertinsje)
(Advertinsje)