Dronesklup makket him soargen oer privatisearring airstrip

07 mrt 2017 - 20:55

De kâns bestiet dat loftskoutingferiening De Drones yn Drachten mear kosten meitsje moat om te fleanen. De skoutingklup makket in protte gebrûk fan de airstrip yn Drachten. De gemeente Smellingerlân wol dy privatisearje.

As de airstrip yn oare hannen komt, kinne de lâningskosten omheechgean. Op dit stuit moat de gemeente 10 euro de lâning hawwe. Neffens Jeroen Scholte fan De Drones kin dat by in kommersjele behearder in stik djoerder wurde.

'Als een beheerder 30 euro vraagt om vanuit commercieel oogpunt meer te verdienen, dan wordt onze hobby aardig onbetaalbaar.' Dochs soe in ferheging fan de lâningskosten net de ein fan de skoutingklup betsjutte.

Neffens Scholte binne der genôch oare dingen te dwaan, bygelyks meihelpe oan de ballondagen en draakjefleanfeesten, it opsykjen fan musea en fleanfjilden. It moaiste fan alles is neffens Scholte wol om te fleanen yn in fleantúch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)