Max Aardema (PVV): "Gjin wynmûnepark yn Iselmar"

07 mrt 2017 - 20:04

As it oan PVV-Keamerkandidaat Max Aardema leit, komt der gjin grut wynmûnepark yn de Iselmar. Aardema sei dat tiisdei yn it Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje. De Drachtster stiet op nûmer 25 op de PVV-list, en soe dêrmei neffens de lêste peilingen krekt net yn de Twadde Keamer komme. Aardema sei der fertrouwen yn te hawwe dat syn partij noch klimme sil yn de peilingen.

Yn Fryslân hat de PVV-steatefraksje in reedlik ûnôfhinklike posysje, mar Aardema makket him gjin soargen oer de fraksjedissipline dy't ûnder Wilders hearsket.

Alle oare partijen hawwe sein dat se net yn in regearing mei de PVV wolle. Neffens Aardema soe de VVD dêr noch wolris op weromkomme kinne.

Trefwurden: 
Max Aardema PVV It Polytburo
(advertinsje)
(advertinsje)