LTO wol ûndersyk nei fersâlting boulân op de klaai

07 mrt 2017 - 19:52

Der moat mear jild en oandacht komme foar fersâlting fan boulân yn Fryslân. As dat net bart, rint de tylt fan ierappels op de Fryske klaai yn de takomst gefaar. Boerinne en bestjoerslid fan LTO Noard, Tineke de Vries, lûkt no oan de belle.

De fersâlting fan de grûn stiet al lang op de aginda. Mar foaral foar it Fryske klaaigebiet wurdt te min dien om de gefolgen dêrfan te ûndersykjen en op te fangen, fynt De Vries. En dat is wol nedich.

Sâlt en klaai

Op Teksel en yn Seelân is ûndersyk geande nei oplossings, lykas rassen dy't goed oer sâlt kinne. Mar dat ûndersyk rjochtet him hast folslein op sângrûn, en dêr hawwe de Fryske klaaiboeren neat oan. Sâlt en klaai reagearje hiel oars opinoar as sâlt en sân. De Vries freget fan steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken om jild foar ûndersyk nei fersâlting fan klaaigrûn beskikber te stellen.

Sâltwetterynlit kin bouboeren skea dwaan

By natuerorganisaasjes lykas It Fryske Gea wurdt deroer praat om mear sâlt wetter yn te litten, foar bygelyks ferbettering fan de fiskstân. De bouboeren binne dêr huverich foar. Mar dat is net nedich, fynt Klaas Laansma fan It Fryske Gea. It giet om plannen foar de lange termyn en It Fryske Gea wol by de planning en útfiering graach oparbeidzje mei boeren.

"Wekker wurde"

Yn Fryslân ferbouwe likernôch trijetûzen boeren op klaaigrûn, benammen poaters. Harren bestean rint foarearst noch gjin gefaar. Mar se moatte wol wekker wurde, fynt Tineke de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)