Undúdlikheid oer foodtruckbelied yn Fryske gemeenten

07 mrt 2017 - 17:53

Der is faak gjin dúdlik belied oer hoe't gemeenten omgean moatte mei foodtrucks. Dat seit Sicco Gerlsma. Hy hâldt efkes op mei de foodtruck fan syn Yndonesysk restaurant Tandjong Priok. Hy kin net op in gewoane wize syn wurk útfiere, sa seit er, om't amtners him hieltyd fuortstjoere. In foodtruck is faaks in wein dêr't iten yn ferkocht wurde kin, oft mei útsutele wurdt. Guon gemeenten knipe in eachje ta, yn oare gemeenten kontrolearje amtners hiel strang.

Gjin belied

Dat dogge se om't foar ridende weinen gjin belied is. Dat is der wol foar saneamde fêste stânplakken. Gemeenten fine dat eigeners fan sa'n truck in fergunning foar in fêst plak oanfreegje moatte.

Fuortstjoerd

Gerlsma seit faak fuortstjoerd te wurden troch amtners fan de gemeente Opsterlân by bygelyks De Gordyk en yn Beetstersweach. De gemeente Opsterlân seit yn in reaksje dat as de foodtruck allinnich koart bestellingen ôfleveret, dat tastean is. Se wolle graach yn petear oer de situaasje.

Trefwurden: 
foodtruck belied gemeenten
(Advertinsje)
(Advertinsje)