Provinsje: "Oanpak diken posityf foar ferkearsfeiligens"

07 mrt 2017 - 16:54
Foto: Omrop Fryslân

It oanpakken fan njoggen provinsjale diken hat in positive útwurking hân op de ferkearsfeiligens. Dat is de útkomst fan in ûndersyk yn opdracht fan de provinsje. It giet ûnder oare om de rekonstruksje fan de N392 by De Gordyk, de oanlis fan in rotonde by Broeksterwâld en de rekonstruksje fan de N383 by Berltsum. Ek de oare seis projekten binne evaluearre, sa falt te lêzen op de webside fan de provinsje.

Sifers en enkête

It giet om wurk dat mear as trije jier lyn dien waard, sadat minsken yntusken wend binne oan de nije situaasje. Foar it ûndersyk waard sjoen nei beskikbere sifers, mar waard ek in enkête ûnder brûkers fan de dyk hâlden.

Ferbetterpunten

It ûndersyk hat ek in tal ferbetterpunten opsmiten. Sa sille yn de takomst omliedingsrûtes better op elkoar ôfstimd wurde. Ek sil de plysje der better by belutsen wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)