Skoallebern mei lasergun kontrolearje op te hurd riden

07 mrt 2017 - 16:50

Basisskoallelearlingen yn Dokkum kontrolearje freed sels it ferkear dat by de skoalle delgiet. Se wolle dêrmei sjen litte dat der gauris te hurd riden wurdt op de Hantumerwei. De bern meie sels mei de lasergun oan de slach, mei help fan de plysje en Feilich Ferkear Nederlân.

De plysje kontrolearret dêr geregeld, omdat der in soad meldingen binnen komme oer auto's dy't te hurd ride. Moandei waarden der noch 124 autobestjoerders op de bon slingere.

Oan de Hantumerdyk stean twa skoallen: De Twine en de Eben Haëzer

Trefwurden: 
hurdriders Dokkum Hantumerwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)