Lysterstrjitte yn Drachten ôfsletten fanwegen gaslucht

07 mrt 2017 - 16:42
Foto: De Vries Media

Helptsjinsten hawwe de Lysterstrjitte yn Drachten tiisdeitemiddei ôfset fanwegen in gaslucht. Omwenners soene in sterke gaslucht rûkt hawwe en warskôgen doe fuortendaliks de helptsjinsten. De plysje soe op fersyk fan de brânwacht de strjitte ôfsletten hawwe.

De brânwacht docht op it stuit mjittings yn de Lysterstrjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)