Feehâlder en soan feroardiele foar ferwaarleazging bisten

07 mrt 2017 - 16:26
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In feehâlder út Aldeholtpea en syn soan meie de kommende trije jier gjin fee en húsdieren mear hâlde. Dat hat de rjochter tiisdei bepaald. Beiden krigen se ek seis moannen sel ûnder betingst, omdat se net goed foar har bisten soargen. It fee krige net genôch fretten en drinken en yn de stâl stienen se yn har eigen stront.

De NVWA liet it bedriuw ferline jier ûntromje, omdat der nettsjinsteande eardere kontrôles neat ferbettere. Ek trije hûnen waarden fuort helle. As de boer en syn soan it ferbod om bisten te hâlden oertrêde, moatte se nei de finzenis.

Trefwurden: 
Aldeholtpea fee rjochter
(Advertinsje)
(Advertinsje)