Trochstart foar moadewinkels Charles Vögele

© Google Streetview
De moadewinkels fan Charles Vögele meitsje in trochstart. Ein jannewaris waard it fallisemint oanfrege. De kuratoaren ha no in oerienkomst oer in trochstart sletten mei Vidrea Retail, dat safolle mooglik winkels iepenhâlde wol.
Charles Vögele hat ek fiif fêstigingen yn Fryslân: yn Dokkum, Burgum, Surhústerfean, Drachten en op It Hearrenfean. Oft dy ek allegearre iepenbliuwe, is noch net dúdlik