Steatssekretaris Van Dam op besite yn Fryske natuergebieten

07 mrt 2017 - 15:24

Steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken hat tiisdeimoarn op besite west yn it Waadgebiet. It Waad wûn ferline jier de kompetysje om it moaiste natuergebiet fan Nederlân.

Van Dam woe witte hoe't it prizejild bestege wurdt. Hy wie goed te sprekken oer de gearwurking tusken alle partijen yn it gebiet. Hy is ek bypraat oer de promoasje fan it Waad. Van Dam wie op de Ballastplaat by Harns. Dêr krige er ûnder oare útlis oer de groei fan mokselbanken.

De steatssekretaris is tiisdeitemiddei yn natuergebiet de Gouden Boaium tusken Heech en Wâldsein. Dêr praat er oer de takomst fan gebiet de Friese Wijlanden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)