Man rydt strjitlampe om en botst tsjin beam yn Ljouwert

© Kappers Media
Op de Pasteurwei yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in man nei in efterfolging mei in auto tsjin in beam knald. De plysje siet de man efternei, omdat de auto dêr't er yn ried stellen wie. Surveillearjende plysjes seagen de auto riden en gienen der efteroan. Op de Pasteurwei ried de fertochte earst in strjitlampe om en dêrnei tsjin in beam.
De man is nei it sikehûs brocht. Dêr wurdt in bloedproef dien.