Sportkompleks by Twizel krijt twa keunstgersfjilden

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Twizel krijt twa keunstgersfjilden. Dy komme op it sportkompleks oan de Mounewei en sille brûkt wurde troch de fuotbal- en kuorbalferiening. Om de oanlis betelje te kinnen, wurdt it besteande kuorbalfjild ferkocht. Dat makket plak foar huzen. Dêrneist sille de ferieningen sels in diel fan it wurk dwaan en wurdt der wurke oan in gemeentlike bydrage fan 150.000 euro.
By it sportkompleks wurde ek ekstra parkearplakken oanlein, as oplossing foar de parkearproblemen dy't der no geregeld binne.