FIDEO: Op 'e trekker troch Ljouwert

07 mrt 2017 - 16:00

Ljouwert is sûnt twa jier in hotspot foar ‘trekkerrydles’ en it 'trekkerrydeksamen'. Sûnt it ynfieren fan it trekkerrydbewiis yn 2015 hawwe al mear as hûndert learlingen fan rydskoalle Argus it trekkertydbewiis helle. 80 persint fan harren slagge yn ien kear. Ljouwert is dêrmei de stêd dêr’t de measte trekkerrydeksamens dien binne. De measte kandidaten komme út Fryslân, mar ek leafhawwers út Grinslân en Noard-Hollân lesse wol yn Ljouwert. 

Grutte lestrekker

Dit betsjut dat it ferkear yn de stêd sa njonkelytsen al wend is oan de grutte lestrekker mei oanhingwein, dy’t net hurder ride mei as 30 kilometer de oere. Foar de learlingen is in ritsje troch de binnenstêd in útdaging. Sy kinne harren faak goed rêde op eigen hiem en lân, mar in drokke stêd mei fytsers, lúkse auto’s, stopljochten en frachtauto’s is fansels wer hiel wat oars.

Mear ûngelokken

It trekkerrydbewiis is belangryk omdat de lêste jierren wer mear en slimmere ûngelokken barre mei de hieltyd gruttere trekkers. Trekkerynstrukteur Piet Dillema hat goeie hope dat it tal ûngelokken nei ferrin fan tiid ôfnimme sil, no’t der swierdere easken steld wurde oan de trekkerriders.

Trefwurden: 
trekker Ljouwert ride rydles
(Advertinsje)
(Advertinsje)