Opsterlân wol asylsikers der earder by belûke

07 mrt 2017 - 14:20

De gemeente Opsterlân wol asylsikers mei in ferbliuwsfergunning tenei earder yn aksje hawwe as no. No is it sa dat se earst ynboargerje moatte en dan bygelyks oan it wurk kinne. Yn it plan fan Opsterlân leare de statushâlders sa gau mooglik Nederlânsk, omdat dat harren fierder helpt. Tagelyk krije se help om wurk of frijwilligerswurk te sykjen. Wat hiel goed wurket, is dat de minsken oare nijkommers begeliede, bygelyks as tolk.

Trefwurden: 
Opsterlân asylsiker
(Advertinsje)
(Advertinsje)