Tsientallen kninen dumpt yn it Lauwersmargebiet

07 mrt 2017 - 14:07

Meiwurkers fan Steatsboskbehear yn it Lauwersmargebiet hawwe tiisdeitemoarn tsientallen achterlitten kninen fûn. Fan de lytse wite kninen wienen ûngefear tsien al dea. De hast tweintich kninen dy't noch libje, binne troch de plysje nei de opfang yn Koatstertille brocht. Guon kninen hienen tatoeaazjes mei nûmers yn de earen. De plysje hopet sa efterhelje te kinnen wa't de eigener is.

De deade kninen wurde ûndersocht om der efter te kommen wêr't se krekt oan dea gien binne. Neffens boskwachter Liesbeth van den Berg wiene de kninen net goed fersoarge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)