Húsfesting âlderein sil kommende jierren feroarje

07 mrt 2017 - 13:57

Fryslân stiet der aardich goed foar wat de húsfesting fan de âlderein oangiet. Dochs moat der noch genôch barre, om oan de feroarjende fraach nei soarchwenten foldwaan te kinnen. Dy fraach feroaret, no't we hieltyd âlder wurde. De kommende jierren groeit it oantal Friezen fan 75 jier en âlder mei 40 prosint. En dêr hearre oare wenten by, lykas huzen sûnder treppen. Dat docht bliken út de wensoarchatlas fan it Platfoarm GEEF en it Fries Sosjaal Planburo.

Om kosten te besparjen moatte wenningkorporaasjes harren nij- en ferbouplannen goed op elkoar ôfstimme, seit direkteur Erik Zwierenberg fan GEEF.

(advertinsje)
(advertinsje)