Huldiging finer earste ljipaai DDFK-gemeenten by gemeentehûs

De finer fan it earste ljipaai yn de DDFK-gemeenten sil net yn it fjild, mar op de gemeentehuzen huldige wurde. De boargemasters fan de fúzjegemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân gean dus net it lân yn nei it fynplak, mar ûntfange de finer op it gemeentehûs. De gemeenten wolle op dizze wize dochs de fûgelbeskermers yn it sintsje sette dy't har jierrenlang ynsette foar de neisoarch en it behâld fan de greidefûgels.
Ofrûne freed waard op de ledegearkomste fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten noch bekend dat kommissaris fan de Kening Arno Brok de finer fan it earste ljipaai fan de provinsje wol yn it fjild earje sil.