Maksimale wurkstraf easke foar deadlik ûngelok De Jouwer

07 mrt 2017 - 11:35
Rjochtbank Ljouwert - Foto: ANP

Tsjin de 75-jierrige man út Zwolle dy't op 3 augustus 2015 op de A6 by De Jouwer in deadlik ûngelok feroarsake, is de maksimale wurkstraf fan 240 oeren easke. Dêrneist easke de offisier fan justysje tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert dat de man in jier net ride mei.

Botsing op file

De man kaam út de rjochting fan It Hearrenfean en hie net yn de gaten dat der by De Jouwer in file stie. Hy botste mei syn bestelbus efterop in auto mei in 67-jierrige man út Grins en syn 10-jierrige pakesizzer. De man ferstoar, it jonkje mankearre hast neat. De man út Zwolle fielt him bot skuldich oer it ûngelok.

Neffens de offisier hat de Zwollenaar ûnfoarsichtich riden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)