Amsterdammer (26) rydt sûnder rydbewiis troch Ljouwert

Rydbewiis © ANP XTRA
De plysje yn Ljouwert hat moandeitenacht in 26-jierrige Amsterdammer oanhâlden. It foel de plysjes op dat de man mei wite rjochtingoanwizers ried. Op de Bordinewei waard de auto oan de kant set.
De bestjoerder joech fuortendaliks oan dat er gjin rydbewiis hie. Ut ûndersyk die bliken dat de man it rydbewiis foar in oar fergryp ynlevere moatten hie.