Winst Jong Cambuur yn Den Haag

Xander Houtkoop © SC Cambuur
Jong Cambuur hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin de beloften fan ADO Den Haag mei 3-0 wûn. Rutger Etten skoarde foar it skoft it earste doelpunt foar de Ljouwerters en yn de twadde helte wist Xander Houtkoop twa kear it net te finen. Jong ADO hie de twadde helte mar tsien spilers op it fjild, Trevor David krige flak foar de rêst in reade kaart.