Harnzer drankrider yn Ljouwert oanhâlden

07 mrt 2017 - 08:39
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

In 51-jierrige drankrider út Harns is yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Ljouwert oanhâlden. Plysjes seagen de man op de Harnzerstrjitwei slingerjend riden en setten de auto oan de kant. Ut in blaastest die bliken dat de man mei drank op efter it stjoer siet. Hy krige in rydferbod en moat him melde foar in kursus by it CBR.

Trefwurden: 
drankrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)