Kollum: "Stek se lek"

07 mrt 2017 - 08:22

"Ik bubbelje, do bubbelest, sy bubbelet, wy bubbelje allegear. Alle dagen lije wy oan de filterbubbel. Dat is it ferskynsel datst allinne mar nijs en ynformaasje út dyn eigen fermidden sjochst of lêst. Foar in part is dat bewust, foar in part ek ûnbewust. Dat ûnbewuste part wurdt stjoert troch ynternet en sosjale media. Websites en in sykmasine lykas Google stimme risseltaten ôf op dyn eardere online gedrach. Krijst allinne noch te sjen watst al moai fynst, krijst allinne noch te lêzen watst sels ek al fynst.

Do wurdst dus beheind yn dyn ynformaasjefoarsjenning. Nije ûntdekkings binne útsluten, tsjinstelde mieningen wurdst net mear mei konfrontearre.

It gefolch is datst dyn eigen werklikheid skepst. En dy eigen werklikheid kin koppich wêze. Ta foarbyld kin de Stemwijzer tsjinje. Hoefolle minsken sizze net: ‘Ik kaam by de (folje mar yn) PVV, de ChristenUnie of SP út, mar dêr sil ik noait op stimme’. Wylst blykt dat, sa net alles, toch in hiele protte fan harren opfettingen oerienkomme mei krekt dy partij.

Hawar, as jim nasjonale tsjinner ha ik sels dy test ek dien. Ta myn grutte ferbazing kaam ik út by De Burger Beweging en de Partij voor de Dieren. Dat wie in stevige prik yn myn bubbel, kin ik jim sizze. Mar it blykt dat dy partijen nochal skoare op miljeu en ûnderwiis, twa ûnderwerpen dy’t by my de heechste prioriteit ha. Boppedat hat de Partij voor de Dieren harren partijprogramma ek noch yn it Frysk…

It gefaar fan de filterbubbel is dat it de dialooch de nekke omdraait. Fansels is it net sa datst fuortendrekt dyn miening bystelst ast mei ien konfrontearre wurdst dy’t dêr heaks op stiet, mar it is wol fan it grutste belang datst witst wat der by oaren libbet. Om deroer nei te tinken en te ferlykjen mei dyn eigen opfettingen en oertsjûgingen. Sa, dat der yn alle gefallen begryp ûntstean kin. Want krekt dat liket yn ús maatskippij in grut probleem te wêzen. Begryp foar de oar, wa’t dat dan ek mar wêze mei.

Finzen yn de eigen bubbel is it ûnmooglik om ta in beskaafde útwikseling te kommen, om in dialooch oan te gean. Mei oare wurden: it is tiid dat al dy bubbels lek stutsen wurde. Dat kinst dwaan troch bygelyks de ynstellingen op facebook te feroarjen, troch yn stee fan google in oare sykmasine te brûken, troch de ynformaasje by de boarne te heljen en net allinne fan sosjale media. Troch ris in tydskrift of in papieren krante te lêzen. Mar ek troch in praatsje te meitsjen mei ien dy’t neist dy sit yn de bus of de trein, mei in ûnderhâldsmonteur fan de cv-tsjettel, de grûnwurker, de learares of in bestjoerder. Op dy wize kin in protte misferstannen al út de weareld holpen wurde.

En no sil ik yn stee fan de Stemwijzer ek noch de Kieswijzer ynfolje. Toch ris sjen oft dêr wat oars útkomt…"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)