Moasje oer oanbesteging skieppehoeder Ljouwert fersmiten

07 mrt 2017 - 06:29

De oanbesteging fan de gemeente Ljouwert foar in nije skieppehoeder hoecht net opnij dien te wurden. D66 en de FNP yn de gemeente tsjinnen op de riedsgearkomste moandei in moasje yn, om't se fine dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders net minsklik genôch hannele hat by de oanbesteging. De moasje koe net op stipe rekkenje fan de oare partijen. Dy stimden allegearre tsjin de moasje. It betsjut foar skieppehoeder Sam Westra fan Ljouwert dat de kâns net grut is dat hy noch oan it wurk bliuwe kin yn it Griene Stjergebiet.

Hy moat no yn petear mei de Wylde Weide, it bedriuw dat de oanbesteging wûn hat. Mooglik dat Westra foar syn konkurrint oan de slach kin. Der moat binnen twa wiken dúdlikheid komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)