Ljouwert hâldt poat stiif yn Caparisdossier

06 mrt 2017 - 23:43

De gemeente Ljouwert sil in groep meiwurkers fan Caparis op 1 april gewoan yn tsjinst nimme. In moasje fan opposysjepartijen Gemeentebelangen, VVD, D66 en ChristenUnie om de oername fan meiwurkers stop te setten, helle it net. Derom giet de werstrukturearring gewoan sa troch. De ôfdieling personielssaken fan de gemeente Ljouwert is al dwaande om de oername fan it personiel te regeljen, seit wethâlder Andries Ekhart.

Ekhart wit net oft it noch wol goed komt tusken de acht gemeenten dy't meidogge yn Caparis. Ferline wike ûntstie der twaspjalt tusken dy gemeenten. "Ik ben niet optimistisch dat we eruit komen met de gemeenten", sei Ekhart moandei by de riedsgearkomste fan Ljouwert. Hy hie de kommoasje dy't ferline wike ûntstie net ferwachte.

Guon partijen wiene net te sprekken oer de kommunikaasje fan wethâlder Ekhart. Sels syn eigen partij PvdA fûn it 'tryst' dat se it nijs oer Caparis út de krante fernimme moasten. De opposysje wie der ek net bliid mei. "De wethouder moet een grote spiegel kopen en daar in kijken", sa sei riedslid Harry Bevers fan de VVD. Wethâlder Ekhart joech ta dat de kommunikaasje better kinnen hie.

Trefwurden: 
Caparis Andries Ekhart
(Advertinsje)
(Advertinsje)