Man út Zeist feroardiele foar auto-ynbraken yn Boalsert

06 mrt 2017 - 23:01
Foto: Omrop Fryslân

It bewiis wie tin, mar de plysjerjochter hat in ynwenner fan Zeist (27) feroardiele foar fjouwer auto-ynbraken yn Boalsert. De man krige in wurkstraf fan 200 oeren en trije moannen finzenisstraf op betingst.

De ynbraken wiene yn de nacht fan 17 op 18 novimber ferline jier yn de wyk Fûgelkrite. Der waard guod stellen út fjouwer VW's. De ynbrekker liet altyd de doarren op in kier stean om gjin leven te meitsjen. Der wiene gjin spoaren fan braak. Mooglik is er deryn kaam mei in falske autokaai of in ôfstânsbetsjinning.

Fytske

By ien fan de auto-ynbraken hie in buorman alarm slein. De man seach dat in der in klapfytske njonken de auto stie. Yn dyselde nacht waard de fertochte oanhâlden. Hy siet yn syn auto op in parkearplak fan sporthal Middelzee oan de Blink, flakby de wyk dêr't de ynbraken wiene. Der lei in klapfyts yn de kofferbak. De bannen fan de fyts wiene wiet en der siet grûn op. Yn syn auto hie er ynbrekkersark en moffen te lizzen. De bút waard de oare deis fûn. It stellen guod, twa navigaasjesystemen, ark en in lânmjitter leine ûnder in karre op datselde parkearplak by de sporthal.

Funda

De man wist fan neat. Hy hie wol in laptop by him. Yn de sykskiednis fûn de plysje dat er op Funda socht hie nei huzen yn Boalsert. Ek hie er googlele op it wurd 'landmeter, tafallich ien fan de dingen dy't stellen wiene.

De offisier fan justysje easke in finzenisstraf fan seis moannen, plus trije moannen op betingst. De rjochter hâlde der rekkening mei dat de fertochte nei in mindere perioade syn libben no wer bettere hie. Hy hat wer wurk en giet meikoarten yn behanneling. De man waard ta 200 oeren wurkstraf en trije moanne selstraf op betingst feroardiele.

Trefwurden: 
auto-ynbraken
(Advertinsje)
(Advertinsje)