Tritich nêstkastkes fernield yn ien strjitte yn Nijeberkeap

06 mrt 2017 - 22:35

Yn ien dei binne yn Nijeberkeap mear as tritich nêstkastkes fernield. Se hongen allegearre yn deselde strjitte. Der sieten noch gjin fûgels yn, seit fûgelwachter Andries van der Veen út Wolvegea. Hy is drok dwaande de skea te werstellen.

Net alle nêstkastkes binne der mear. Van der Veen tinkt dat de kastkes meinaam binne troch minsken dy't seagen dat se yn de berm leinen. Hy hat oanjefte dien. De plysje hat tsjin him sein dat it opspoaren fan fûgelhokjefernielers net de alderheechste prioriteit hat. Dat begrypt Van der Veen, seit er.

Trefwurden: 
Nijeberkeap nêstkastke
(Advertinsje)
(Advertinsje)