"Boeren moatte sûnens fan grûn yn de gaten hâlde"

06 mrt 2017 - 22:24

Boeren kinne in protte winne troch de sûnens fan de grûn goed yn de gaten te hâlden. Dat seit ûndersiker Emiel Elferink fan advysburo Bioclear Earth. Yn opdracht fan de trije noardlike provinsjes ûndersiket hy hoe't boeren dat it bêste dwaan kinne. De provinsjes ferwachtsje dat it better kin as dat it no giet.

Boeren kinne mear produsearje op sûne grûn. Dat jildt foar bouboeren en foar feehâlders. Boeren meie hieltyd minder gemikaliën of oar guod brûke om de produksje te ferheegjen. Dêrom is sûne grûn wichtich, seit Elferink.

(advertinsje)
(advertinsje)