Man út Feanwâldsterwâl hat pistoal yn 'e hûs: wurkstraf

06 mrt 2017 - 22:17
(fotofoarbyld) - Foto: ANP

In 59-jierrige ynwenner fan Feanwâldsterwâl is feroardiele ta 120 oeren wurkstraf en trije moannen finzenisstraf op betingst. De plysje fûn yn july ferline jier by him thús twa wapens. Ien wie in sabearenien: in oanstekker yn de foarm fan in Berreta. It oare wapen wie echt. Yn in lege fideodoaze bewarre de man in semy-automatysk pistoal mei munysje. De man sei dat er it echte pistoal fan in âlde maat krigen hie.

"Net brûke"

It echte wapen is noch út de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch. It soe ea troch boufakkers fûn wêze. De man wie nea fan doel en brûk it wapen, sei er mei klam. 

De man hie neffens in anonime tipjouwer it wapen op in geheime stjoerder te keap oanbean. Mar dêr wie neat fan oan, sei de man. De man hat alris earder feroardiele west foar ferbean wapenbesit.

Drankprobleem

Offisier fan justysje Caroline Cromwell naam de saak heech op: sy easke in selstraf fan njoggen moannen, de helte dêrfan op betingst. De rjochter makke der doe in wurkstraf fan yn kombinaasje mei in finzenisstraf op betingst fan trije jier. Neffens de reklassearring hat de man in drankprobleem. Plysjerjochter Dölle hat de man ûnder tafersjoch set fan de reklassearring. Hy moat himsels behannelje litte foar syn ferslaving.

Trefwurden: 
rjochter Feanwâldsterwal
(Advertinsje)
(Advertinsje)