Skyldpodde-opfang yn eardere supermerk op De Harkema

06 mrt 2017 - 21:53

Yn it leechsteande gebou op De Harkema dêr't earder supermerk Poiesz yn siet, komt in skyldpodde-opfang. Dêr moatte mear as fiifhûndert wetterskyldpodden te plak kinne.

De nije opfang wurdt de twadde lokaasje fan de Stichting Skyldpodde-opfang Nederlân. Dy stichting hat al in oar gebou op De Harkema, mar dat is te lyts. De stichting fangt alle jierren mear as twahûndert skyldpodden op. De ferwachting is dat dat tal fierder groeie sil.

De ferbouwing fan de âlde supermerk sil sawat acht moannen yn beslach nimme, sa is de ferwachting. It is de bedoeling dat de doarren dan alle sneons iepengean foar minsken dy't wat oer skyldpodden witte wolle.

Trefwurden: 
skyldpodden opfang De Harkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)