9 op de 10 restaurants hawwe gjin Ingelske menukaart

06 mrt 2017 - 20:40

In fegetariër dy't fisk oanret kriget, of immen dy't om laktoase-frij iten freget in neigesetsje fan suvel foarsette. Dat binne foarbylden fan missers yn de Fryske hoareka. Se kamen moandei nei foaren op in kongres oer gastfrijheid yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Meiwurkers fan de hotelskoalle fan Stenden hawwe by restaurants del west sûnder dat se seine wêr't se fan wiene. Sy sammelen negative, mar ek positive ûnderfinings.

Unferjitlik

In positive ûnderfining wie dat in gast op in jûn doe't it min waar wie, it oanbod krige mei te riden nei it stasjon "Zo'n ervaring blijft gasten hun leving lang bij", fertelde Elena Cavagnaro, lektor hospitality oan de Stenden-Hotelmagementskoalle yn Ljouwert.

Ingelske menukaart

Fierders die bliken dat fan 223 Fryske restaurants njoggen op de tsien gjin menukaart yn it Ingelsk oanbiede kin. Dêr moat feroaring yn komme, sa wie de konklúzje. Mei in grut oanbod fan workshops en kursussen fan meardere Fryske ûnderwiisynstellings kin dêroan wurke wurde.

Trefwurden: 
kongres hoareka
(Advertinsje)
(Advertinsje)