Supportersaksje foar behâld Henk Veerman fan SC Hearrenfean

06 mrt 2017 - 19:44
Henk Veerman - Foto: AWfoto.nl

Supporters fan SC Hearrenfean binne in Facebook-aksje begûn om spits Henk Veerman foar de klup te behâlden. Syn kontrakt rint ôf, mar der is in mooglikheid om it mei in jier te ferlingjen. Dêr moatte de klup foar 1 april dúdlikens oer jaan.

De supporters sizze dat Veerman net allinnich belangryk is foar SC Hearrenfean, se soene it ek skande fine as er fan de Nederlânske fjilden ferdwine soe. Mei fiif doelpunten is Veerman de ynfaller dy't de measte goals makke hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)