Passy fan Willem Winters resulteart yn beammeboek

06 mrt 2017 - 17:59

Ljouwerter Willem Winters hat in spesjaal fotoboek makke oer allegear beammen. Dêr by hat Winters help krigen fan Michelle Mulder en Johan van Aken. Der sitte yn totaal 45 ferskillende foto's fan beammen yn it 'boomboek', sa as it hjitte sil. Yn earste ynstânsje binne der 200 boeken makke. Der is gjin spesjale reden wêrom't Winters de boeken makket: "It hat gjin doel. It binne gewoan moaie plaatsjes en moaie beammen. Dat is my genoch", sa seit Winters.

Tiisdei is yn boekhannel Van der Velde yn Ljouwert de presintaasje fan it beammeboek. Gonneke van Hoesen Kerndorffer fan de Stichting Bomenridders Leeuwarden sil it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)