Warskôging foar tirannike eleminten yn rjochtspopulisme

Ald-politikus en politikolooch Sytze Faber warskôget foar de gefaren fan it rjochtspopulisme. Dêr sitte tirannike eleminten yn. Dat sjogge wy by Wilders en yn it bûtenlân by Trump en Erdogan. Faber die syn útspraken moandei yn Fryslân Hjoed op Omrop Fryslân Telefyzje.
Guon rjochtse politisy miene dat se de wiisheid yn pacht hawwe. Oarstinkenden wurde as minderweardich fuortset. Dêrmei bejouwe de politisy harren op 'in hellend flak'. Faber ferwachtet in soad fan it debat Wilders-Rutte. Dat kin beskiedend wêze foar de útslach.